Ynformaasje fuorthelje
Omrop Fryslân krijt hieltyd faker fersiken om eardere online publikaasjes te anonimisearjen of te ferwiderjen. De Raad voor de Journalistiek skriuwt hjiroer yn de Leidraad (link nei: https://www.rvdj.nl/leidraad):
Wanneer journalisten het verzoek krijgen om online toegankelijke publicaties (tekst, beeld en/of geluid) te anonimiseren dan wel te verwijderen, laten zij slechts in uitzonderlijke gevallen het publieke belang van zo volledig mogelijk, betrouwbare archieven wijken voor de particuliere belangen van degenen die hierom verzoekt.
Omrop Fryslân folget dizze Leidraad. We passe online publikaasjes net oan, útsein as der sprake is fan in ‘útsûnderlik’ gefal. Fersiken om publikaasjes oan te passen of te ferwiderjen rinne altyd fia de haadredaksje. Om dy ôfwegingen te meitsjen, stelle we ússels ûnder oaren de folgjende fragen:
- Hat de klager in streekrjocht belang by it fersyk? Is hy/sy bygelyks dúdlik werkenber yn de tekst fan de publikaasje en/of te sjen op in foto/fideo?
- Kin de klager it fersyk ûnderbouwe?
- Wie de klager op it momint fan publikaasje minderjierrich?
- Hat de klager sels meiwurke oan de publikaasje?
- Bliuwt de ynhâld fan de publikaasje oerein by anonimisearring?
- Hat de Raad voor de Journalistiek earder in klacht oer de publikaasje beoardiele?
Net alle fragen ha it selde ‘gewicht’, it is in ôfweagingskader. Fragen oer dizze rjochline? Mail nei haadredaksje@omropfryslan.nl.